It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Omke Ûle past op

Paul van Dijk

14,50

Details

Omke Ûle sit it leafst feilich thús. Hy hâldt net fan drokte en is oeral benaud foar. Hy is dan ek hielendal net bliid as er op syn neefke Eppy passe moat. Want Eppy wol de wrâld ûntdekke – op aventoer! Mar doart Omke Ûle dat wol?

Prachtich printeboek mei tekst en yllustraasjes fan Paul van Dijk.

Besjoch ek de website fan Paul van Dijk.

Paul: “Ik soe it moai fine as der bern binne dy’t nei it lêzen fan dit boek ek ris wat doarre te dwaan wat se eins mar eng fine.” Lês hjir it ynterfjoe mei Paul oer it boek ‘Omke ûle past op’.

Besjoch hjir it filmke fan Paul oer it boek ‘Omke ûle past op’.


Erika: “It boek had ek in sosjaal-emosjoneel tema. Wat dwaan (foar in oar), wylst dat net wolst en dêr einlik bang foar bist. Út de comfortzone stappe. De hoarizon ferbreedzje. Ek goed te brûken op skoalle by lessen oer sosjaal-emosjonele feardichheden.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Erika.

Margriet: “It boek is leuk skreaun, op rym, en de moaie printen passe der goed by. Der binne ek hieltyd in flearmûs en/of kabouterkes te sjen, wat it foar bern wol leuk makket om se te sykjen, mar dy’t fierder niks mei it ferhaal te meitsjen hawwe.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Margriet.

Author : Paul van Dijk ISBN : 9789493159471 New label : 1 Pages : 32 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Illustrator : Paul van Dijk Kategory: , , , , .