It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Oer oarmans en eigen - Kritiken en essays

Anne Wadman

18,50

Details

Dizze bondel mei kritysk en essayistysk wurk fan Wadman slút oan by Kritysk konfoai (1951) en It kritysk kerwei (1990), beide ek ferskynd yn de ‘Nije biblioteek’. Wadman makke foar dizze bondel in kar út wat er sûnt 1970 byinoar skript hie oan skôgjend, kritysk en sjoernalistyk wurk. Dat wie dan benammen út de tiid nei 1981, omdat dêrfoar syn wurk as haaddosint Nederlânsk oan de learareoplieding Ubbo Emmius syn skriuwerswurk sa goed as stillein hie.

De seleksje yn dizze karlêzing is oars fan aard as de twa eardere. Der steane gjin poëzijkritiken mear yn, en Wadman syn kritiken oer de nije Fryske proazaliteratuer yn Frysk en Frij binne net opnommen. En, sa’t de skriuwer stelde: ‘Foar de feroaring haw ik in mannich opstellen opnommen oer myn twadde “hobby”, de muzyk.’ Fierder befettet it boek in bibliografy oer de jierren 1972-1994.

Dizze twadde printing is in werútjefte fan de earste út 1994.

Author : Anne Wadman ISBN : 9789089542052 Pages : 186 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Kategory: , .