Nei it park - Audioboek
Hylkje Goïnga
€10,00
Details
Lústerboek
Yn de novelle ‘Nei it park’ stiet de 78 jier âlde en deminte ‘Martha’ sintraal. Op tige humoristyske, mar tagelyk oangripende wize beskriuwt Hylkje Goïnga de striid fan Martha om út it hûs foar âldere minsken te bliuwen en it krewearjen fan de dochters Janna en Geeske om har dêr no krekt wol yn te krijen.
‘Ik rûn tusken myn beide dochters yn troch in brede gong. In mefrou mei reade wangen joech my twa hannen tagelyk en kloppe my op ‘e rêch. Ik fersjitte my der fan. Wy gongen yn de lift mei syn allen. Doe’t wy der wer útstapten, stienen wy wer yn in gong. Allegearre blommen en planten en wandkleden om my hinne. Janna rûn mei de mefrou foarop, Geeske en ik der achteroan. De mefrou die in doar iepen mei in kaai, sei: ‘Ik gean mar even foar as jimme it goed fine,’ en wy gongen der achteroan. ‘Wa wennet hjir?’ frege ik oan Geeske. Janna flústere tsjin Geeske dat wy no even goed trochpakke moasten en sei: ‘Hjir komt mem te wenjen.’
Nei it sukses fan de ferhalebondels ‘Thús is de maggi op’, ‘In superman fersûpt net’, ‘Twa dames yn in Daf’, ‘Hynstefigen’ en de koarte roman ‘Frijende kikkerts’, sil ek dizze treflike novelle fan Hylkje Goïnga de wei nei de lêzers wol fine.
Foarlêzen troch Jenny Boomsma-Eppinga
1 cd
Mem, fertel!
De Lytse heit en mem nr. 10 2023
heit en mem online hjerst-edysje (e-magazine)
heit en mem nr. 2 2024
heit en mem online sinteklaas-edysje (e-magazine)
Duko Bodelasse syn jonge jierren/zijn jonge jaren
Kaart: Jimme wurde heit en mem
Heit van Ús Mem - Gerhardus Jan Adema: Beeldhouwer Schilder Tekenaar Medailleur
Pannenlap Fryslân - set van 2
De eerste bloemlezing van de Nederlandse poëzie - 101 gedichten uit het Koninkrijk van 1945 tot nu
Nina
Knyn yn de put
Laam, wat bist tûk!
It swetshok - Ferhalen fan in fjildman
Oekebakke boem
Onvermijdelijk verraad - Oorlogsroman 1938-1945
De keet fan Annawâld
It portret - Audioboek