Moard yn tsjerke - Audioboek
Meindert Bylsma
€12,00
Details
De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan ‘e grêfkelder dy’t ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boereadel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke. Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op ‘e trep nei de kelder leit in lyk.
Wurk oan de winkel foar brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen. De beide mannen binne folslein ferskillend fan aard. Se jouwe inoar gauris stekken ûnder wetter en Bekkema moat Roosjen regelmjittich wer by de les lûke, mar se kinne as de blommen. Op it buro wurde se dan ek “De Blomkes” neamd. Se dûke fuort yn dizze aparte saak. Al gau komme se bysûndere dingen tsjin en dy roppe wer allegearre fragen op. Wat is de rol fan de eardere koster? Wêrom wie de tsjerke net ôfsletten? Wat stiet der eins yn it testamint? In spannend en fermaaklik aventoer. It is it tredde diel yn de searje oer “De Blomkes”.
Audioboek op 1 mp3-cd, foarlêzen troch Jan Schotanus.
Regaad yn 'e himel
Kaart: Wolkom berntsje op 'e wrâld
Kaart: Pyt soe te fytsen (Sinteklaas)
Ferdban - Oudfriese oorkonden en hun verhaal
Lytse Ezel - Jarich syn jierdei
It portret - Audioboek
Friese spreuktegel: As it net kin sa't it moat dan moat it mar sa't it kin
Jentsje Popma, kunstenaar met een missie
Wêr is Keimpe?
It geheim fan de mist
Op klompen troch de dessa
Wytske en Kees fiere Sinteklaas
Krystkaart: Ik winskje dy in waarm krystfeest ta
Completen
Fryslân -muts
Dêr is se dan! En wat no?
Mei oare wurden - Woordspel
Onderzetters Friese spreuken
Frisismenkaart: zomer / simmer
De Gruffalo
Beppe, fertel!
Boekelizzer: foar de alderleafste heit fan de hiele wrâld
De Museummoard - Audioboek