Moard op 'e steger - Audioboek
Meindert Bylsma
€12,00
Details
Brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resersjeur Lukas Roosjen, op it buro “De Blomkes” neamd, sitte noflik oan ‘e Bearenburch op it terras te filosofearjen. Dan komt der in oprop fan de meldkeamer. In man en in frou op in steger fuortby ha in ferstoarne fisker fûn, dy’t earst allinne mar sleau yn syn stoel like te sitten.
De Blomkes moatte útsykje hoe’t dit sit. De frou fan it slachtoffer reagearret sûnder emoasje. Dat fine de mannen frjemd. It lêste wat sy fan har man heard hat is in appke: “Plan fan B. Feroare, kom dus net thús.” Wat wie dat plan? En hie er fijannen? De Blomkes dûke der djip yn en dan blykt alles dochs wer oars te wêzen as it earst like.
Dit is it fjirde diel oer de plysjemannen Bekkema en Roosjen.
Audioboek op mp3-cd, foarlêzen troch Jan Schotanus.
Moard yn tsjerke - Audioboek