Moai waar en lange dagen - Oantinkens
Jan Wybenga
€16,50
Details
Yn dit boek fertelt Jan Wybenga oer syn berne- en jongfeintetiid yn de jierren tweintich en tritich yn Noardwâlde en Wolvegea. It befettet njonken twa ynliedende ferhalen fiif ‘provinciales’, dêr’t er in sterk persoanlik en humoristysk-relativearjend byld jout fan de tiid dat er opgroeide. Yn 1992 brocht Hjir in spesjaal Wybenga-nûmer út, mei ûnder oare in bewurke ferzy fan de skripsje dy’t Jarich Hoekstra oer Wybenga makke.
Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1981.
Jan Wybenga (1917-1994) waard benammen bekend as dichter, dy’t opfoel troch in eigen en eigentiidske toan. Hy groeide op yn Wolvegea en wurke yn it ûnderwiis. Hy krige twa kear de Gysbert Japicxpriis foar syn poëzij. Hy skreau ek ferhalen, mear as hûndert kritiken yn de Ljouwerter Krante, en wie redakteur fan De Tsjerne en Trotwaer.
Yn 1982 wie hy de earste Fryske dichter op Poetry International.
Bêste jonge - e-book
Mem, fertel!
Fryske berteflagge 'Hoera, in jonkje'
Duivelbanners en wonderdokters in de Wouden
Fryske wintersokjes foar de poppe (2 pear)
Strand- campingtas Fryslân
Waatze Gribberts brulloft
Ringbân Fryslân
Underweis
Het goud op de weg
De taal van recht en vrijheid
Fryske flagge / Friese vlag 100 x 150 sm
Kneppelfreed 2021 - Ferline en takomst fan de Fryske taal
Kai-Mook it skattige oaljefantsje
De besleine spegel - autobiografy