Mei Abraham fûstkje - Oantinkens Ferhalen Kritiken
Anne Wadman
€18,50
Details
Anne Wadman skreau Mei Abraham fûstkje ta gelegenheid fan syn fyftichste jierdei. It is in karlêzing út eigen novellistysk, essayistysk en polemysk wurk, oanfolle mei autobiografyske bydragen. It boek hat in sterk dokumintêr karakter en is yllustrearre mei bysûndere foto’s. Troch de konfrontaasje dy’t er yn it boek oangiet mei Fedde Schurer, E.B. Folkertsma en Jan Piebenga leveret it in wichtige bydrage ta de literatuerskiedsskriuwing. It boek befettet ek twa kontroversjele ferhalen, dy’t net yn De Tsjerne of oarsearne publisearre wurde mochten fanwege har iepenhertich eroatysk karakter. Ien dêrfan is De reade roas, dat yn 1960 fan de útjouwer net yn de ferhalebondel Yn ’e lytse loege opnommen wurde mocht.
Dizze twadde printing is de werútjefte fan de earste printing út 1969.