Leech hert yn nij jek
Geart Tigchelaar
€10,00
Details
Geart Tigchelaar (1987) rekkenet yn ‘Leech hert yn nij jek’ ôf mei it ferline, mar sjocht ek foarút. In besykjen dat de iene kear better slagget as de oare kear.
Dat leveret poëzy op dy’t skjirret, dy’t echt is, dy’t libbet en stjert as in hert.
Geart Tigchelaar (1987) wint mei dizze debútbondel de Douwe Tammingapriis.
De sjuery, besteande út Elske Kampen, Albertina Soepboer en Jacobus Q. Smink, hat it poëzydebút fan Tigchelaar mei miene stimmen keazen. De sjuery beskriuwt ‘Leech hert yn nij jek’ as “in spannende bondel, dêr’t alles yn brûkt en ynset wurdt om goede poëzy te meitsjen en dy’t der beslist om freget faker as ien kear lêzen te wurden”.
wy slachten mekoar
snijden bonken út
raanden it smoar yn ‘e maaitiidssinne
waarden wei troch de iepen hikke
(út: ‘slachtfee’)
David Copperfield - Charles Dickens
Hear fan 'e Miggen
Evening - Equinox
Zwarte magie - black magic
De aap foar de bokkewein
It grutte Pake en Beppe Foarlêsboek
Griene simmer
A Slow Food Guide to Friesland
De Fries die in de toekomst sprong - Fries modernisme in de jaren zestig
Blommen - Fryske natoergids
Tomke en de bijen
Sjoerd Huizinga - De avonturier van Yn 'e line
Ferdban - Oudfriese oorkonden en hun verhaal
Boerderijen van het Leeuwarder Sint Anthony Gasthuis (1400-1950)
Kaart: Samar...
Dagje Friese Meren - Puzzel
Oan dy tinke