It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Kritysk konfoai - Kritiken en Essays

Anne Wadman

19,95

Details

Yn 1951 bondele Wadman de kritiken en essays dy’t er oant dan yn it literêr tydskrift De Tsjerne skreaun hie. Hy hifke dêryn de Fryske literatuer oan it ‘Europeeske nivo’ en besocht de selsfoldienens te trochbrekken. Dat die er mei alle skerpte, stilistysk en ynhâldlik. Hy waard oantsjut as in ‘wikel midden ’e mosken’ en krige ek de bynamme ‘de boal fan De Tsjerne’.

Ut de ynlieding: ‘De kronykskriuwer is him bewust dat er fan dy Fryske proazaliteratuer [fan de ôfrûne fiif jier] in beskaat byld tekene hat – in byld dat de histoarje faaks as in mistekening sjen sil. Hy avontoeret it, dat subjektive byld de lêzer foar te lizzen yn boekfoarm, om’t er him der fan bewust is, dat it ‘right or wrong, my country’ op it stik fan de kultuer in tige swak argumint is. Der kin yn alle gefallen gjin twivel oan bestean, oan hokker kant fan de tinkbyldige streek tusken ‘lektuer’ en ‘literatuer’ as er stiet. It soe him lykwols goeddwaan, as dizze kroniken bewize koene dat er dêr net mei tige noft stiet, dat it in sigerich plak is, en dat er dy imaginêre streek sels as in probleem sjocht.’

Foar Kritysk konfoai krige Wadman yn 1952 de Gysbert Japicxpriis.

Mear kritiken en essays fan Wadman binne útjûn yn It kritysk kerwei (1990) en Oer oarmans en eigen (1994), beide ek beskikber yn de ‘Nije biblioteek’.

Author : Anne Wadman ISBN : 9789089541734 Pages : 259 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Kategory: , .