Kategoryen

No products in the cart.

Koartsluting op it Swynserhûs

Klaas Elgersma

16,00

Details



‘En wy dan?’ Emkje spatte fûl op en gie fuort yn it gewear. ‘Hoe sit it dan mei de libbens fan ús en ús bern?’ kaam se him op it moed. ‘Moat dit lân befrijd wurde, mar meie har ynwenners wol slachtoffere wurde?’

‘It giet mei dy stjoerder noch mar om ien kear, dat sil wol goed komme,’ makke Haije in ein oan de diskusje. Syn frou wie poerrazend op him en luts de doar hurd efter har ticht.

Op it Swynserhûs, in pleats oan de Stienzerfeart ûnder Britsum, komt de oarloch wol hiel tichtby. De striid tsjin de besetter, soannen dy’t de leeftiid foar de Arbeitseinsatz ha, ûnderdûkers en boer en frou Haije en Emkje Elgersma dy’t inoar yn dizze spannende tiid net ferstean. Wat begjint út kristenplicht rint út op in tastân dêr’t se sels de rezjy finaal oer kwytreitsje.

De dokumintêre roman ‘Koartsluting op it Swynserhûs’ is it debút fan skriuwer Klaas Elgersma (1952) fan Stiens, pakesizzer fan Haije en Emkje.

Author : Klaas Elgersma ISBN : 9789491971211 New label : 1 Pages : 199 Language : Frysk Publisher : KFFB Format : paperback Kategory: , , , , .

Relatearre produkten

Efter it tried
Yn winkelwein
19,50
Yn winkelwein
19,90
Yn winkelwein
20,00