Kategoryen

No products in the cart.

Jungleboek (5 boekjes)

Praat mar Toaniel!

25,00

In stock

Details



Rudyard Kipling (1865-1936) wie in skriuwer út Ingelân. Hy wie geboaren yn de Britse koloanje India. Hy wie in grutte fan fan de natuer en fan de bisten dêryn. Hy skreau der ferhalen oer. Dy stienen yn syn The Jungle Book (út 1894) en letter ek yn ‘The Second Jungle Book’ (1895). Yn in protte ferhalen út dy beide boeken is de belangrykste rol foar Mowgli, it wolvebern. Dy belibbet yn de jungle mei bisten as Akela en Raksha (beide wolven), mei Bagheera (de swarte panter) en Baloe (de bear) in protte aventoeren. Syn grutte fijân is ShereKhan, de tiger, dy’t it op syn libben fersjoen hat.

In rige fan 6 toaniellêsboekjes foar de groepen 7 en 8 fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dyn gefoelens en gedachten bringst yn dyn eigen taal it bêste ta útdrukking. By Praat mar Toaniel! geane learlingen op in fleurige en ynspirearjende wize mei Frysktalige toanielteksten oan de slach. It lêzen en spyljen fan teaterstikken yn it Frysk set oan om mear Frysk te lêzen, te praten en mooglik ek te skriuwen.

Kombinaasjetip: By fjouwer fan de tolve útjeften fan de ‘Praat mar Toaniel!-rige binne nijsgjirrige Projekten foar it primêr ûnderwiis ûntwikkele. Do fynst dy Projekten yn de Fryske metoade ‘Spoar 8’.

Relatearre produkten

De sonde fan Haitze Holwerda
Yn winkelwein
Nij
10,00
Hertsear
Yn winkelwein
Nij
16,00
Wat soesto
Yn winkelwein
Nij
15,00
Do draachst de leafde oan
Yn winkelwein
Nij
35,00