It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Joazefine yn ´e rein

Alexander Steffensmeier

16,95

Details

Dat it no krekt hjoed sok min waar wêze moat … O nee, dat kin toch net? Joazefine hie krekt sa’n sin oan de speurtocht. Mar no reint it dat it spielt en sy en har freonen sitte har binnen te ferfelen. Of toch net? Net mei Joazefine! Dy kriget in geweldich idee en sa begjint in spannende speurtocht troch it hûs.

En bûten is it ek sa slim noch net. Troch de plassen stampe is leuk! Dweiltrochwiet steane se by de postboade foar de doar. Mar oft dy de hiele wiete bisteboel deryn lit?


Anke: “Op de tekeningen is safolle te sjen en se sitte fol humor. Benammen by de hinnen mei harren pykjes binne Sybrich en Meinte slop fan ’t laitsjen. Dy hinnen fine meielkoar fan alles út!” Lês hjir de folsleine resinsje.

Tiny: “It boek wie fuortendaliks in grut sukses by de beukers, wêrfan’t guon bern al bekend wiene mei de ferhalen fan Joazefine. De yllustraasjes binne prachtich en sitte fol grappige details, wêrtroch’t wy alle kearen wer wat nijs ûntdutsen hawwe – lykas hinnen dy’t mei-inoar in spultsje dogge. Hoe faak as wy it boek ek iepensloegen, der wie altyd wer wat oars te sjen. Wy makken der in spultsje fan om te sjen wa’t der wat bysûnders fine koe. Dêrneist liene de moaie printen har perfekt foar it oefenjen fan feardichheden lykas tellen en it útwreidzjen fan de wurdskat fan de bern.” Lês hjir de folsleine resinsje.

Author : Alexander Steffensmeier ISBN : 978-94-93318-44-1 Pages : 28 Language : Frysk Publisher : Afûk New label : 1 Format : ynbûn Translator : Hermien van der Meer Kategory: , , , , , , , .