It sinfol bestean
Willem Verf
€19,50
Details
Karin en Jitse, beide aardich yn de sechtich, wurde nei mear as fjirtich jier ynienen konfrontearre mei in persoan dêr’t se mei ôfkear oan weromtinke. Wat se mei dy man meimakke ha yn harren studintetiid, is de reade tried yn de beskriuwing fan de jierren dat Jitse en Karin elkoar kennen learden.
Dy reade tried is yn dizzze roman ferfrissele mei harren libbens fan no: beide binne aktyf yn de polityk, tige maatskiplik belutsen en kieze foar in sinfol lêste part fan harren libben. En opnij soarget dyselde man fan doe foar ûntregeling.
It is Willem Verf slagge om op in fûnemint fan in maatskippijkritysk, realitysk en aktueel tema in mearsidich en meinimmende roman te skriuwen. – Nienke Jet de Vries yn ‘De Moanne’ oer Verf syn ‘tendinsroman’ ‘Bûtenman & Bûtenfrou’ (2013)