It Pinksterfamke
Anne Wadman
€19,95
Details
As learaar en musikus Jacques Overdyk beroerd wekker wurdt, is er de tried folslein kwyt: wat hat er by d’ ein hân dat er hjir sa lamliddich op bêd leit? Wêr is syn frou, en wat is der foarfallen tusken him en Anneke ter Veen? Taastend yn it tsjuster fan syn ûnthâld besiket Overdyk te efterheljen wa’t er is en wat er útheefd hat. ‘Is de oere fan de ûnbetelle rekkens oanbrutsen?
It Pinksterfamke is vintage Wadman, mei in labbekakkerige antyheld en problematyske man-frouferhâldingen. It manuskript út 1982 is troch omstannichheden nea earder publisearre: Thys Wadman trof it oan yn de neilittenskip fan syn heit. No is it heech tiid dat dizze ferburgen pearel it paad nei de lêzer fynt.
Mei in neiwurd fan Goffe Jensma, em. heechlearaar Fryske taal- en letterkunde.
It Pinksterfamke
De frou yn 'e flesse