It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

It geheim fan Lord Jim

Joseph Conrad

29,95

Details

Stel, jo binne (noch mar sa’n 23-24 jier âld) earste stjurman oan board fan in rustich âld stoomboat op de Indise Oseaan op wei nei Mekka, mei 800 pelgrims oan board. Underweis stjit dat skip midden yn de nacht lek troch in oanfaring mei in healsonken wrak en der ûntstiet in gat oan de foarkant. De bemanning beseft dat it skip elk momint sinke kin en yn de rêdingssloepen is mar plak foar 300 minsken. Se binne bang dat der ferskriklike fjuchtpartijen ûntstean sille.

Fjouwer fan de fiif blanke bemanningsleden wolle stikem yn ien fan de sloepen útnaaie, de fyfde, Jim, wol earst net. It is tsjin alle regels fan de skipfeart yn. Mar as de sloep mei de oaren al nêst it skip leit, en der ek noch in swiere tropise buoi driget, springt er toch. Dy sprong bepaalt it fierdere ferrin fan syn libben. Want letter docht bliken dat it skip De Patna, wûnder boppe wûnder net sonken is, mar rêden troch in Frânse kanûnearboat. Jim is de iennige dy’t yn it besef fan syn fout de rjuchtsaak bijwenje wol. Hij ferliest úteinlik net inkeld syn stjurmansdiploma, mar folle slimmer noch: syn eargefoel. Hij hat fersomme te dwaan wat de mienskip fan him ferwachte.

It boek is de spannende en skerpsinnige analyze fan hoe’t Jim besiket om te gean mei dat ferskriklike ferlies fan syn eargefoel.

Lord Jim is yn 1965 ferfilme troch Richard Brooks, mei yn de haadrol Peter O’Toole.

Author : Joseph Conrad ISBN : 9789089549792 Pages : 314 Language : Frysk Publisher : Elikser Translator : Geart fan der Mear Kategory: , , .