It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

It deistich bestean by âlds - Obe Postma

Obe Postma

39,50

Details

It deistich bestean by âlds – Obe Postma

 

 

 

Samle histoaryske opstellen II
Utjûn troch Philippus Breuker

 

It deistich bestean by âlds is  it twadde en tagelyk lêste diel mei stúdzjes op histoarysk gebiet fan Obe Postma. Syn fersprate histoarysk wurk is dêrmei maklik tagonklik makke.

 

De earste bondel mei histoaryske stúdzjes wie Veld, huis en bedrijf. Landbouwhistorische opstellen (2010). It karakter fan It deistich bestean by âlds is lykwols hiel oars as fan dat boek. Dat befettet meast stúdzjes fan de earste jierren, dit fan de lettere tiid; de grins leit om 1935 hinne.

 

Dit boek giet meast oer de santjinde en achttjinde iuw en jout in bûnt ferskaat fan ûnbekende feiten oer it deistich bestean fan boeren en boargers, ek út de stêd. Ekonomy en bestjoer krije rom omtinken.

 

Sa’t Veld, huis en bedrijf in boek is foar de wittenskipper, is dit boek mear foar de ynteressearre leek. Dêrmei wjerspegelje se twa kanten fan Postma, dy’t yn de tiid by him op elkoar folgen. Tegearre meitsje se it byld kompleet fan de man dy’t neist de dichter ek de gelearde fan it Fryske lân en libben wie.

 

 

 

Utjouwerij Wijdemeer

 

ISBN 978 949 2052 124

 

263 siden

Relatearre produkten