Kategoryen

No products in the cart.

It Bijeboek

Charlotte Milner

15,00

Details

Wêrom al dy drokte oer bijen? Wat dogge se de hiele dei? Wêrom binne bijen belangryk? Untdek mei dit boek wêrom’t bijen ús help nedich hawwe en watsto dwaan kinst.

Leeftiid: 5-13 jier


Fleur: “In boek dat jong en âld in hiele protte leare kin en derfoar soarget dat we wer wat wrâldwizer wurde. Dit boek is dan ek in echte oanrieder om as basis te brûken foar in sprekbeurt of foar in temawike op skoalle oer de maitiid.” Lês hjir Fleur har folsleine resinsje.

Geartsje: “Hoe fierder we yn it boek komme, hoe dúdliker it wurdt wêrom’t dy zoembisten op de wrâld bliuwe moatte en dus ek by ús yn ’e tún. Witte jim noch, dy biologyles oer it stomoal en de stimpel? Earlik sein, dy wie by my al aardich fuortsakke. Mar mei dizze moaie yllustraasjes komt dy les wer hielendal boppe. Dêrtroch sjogge de bern hoe belangryk ek de lytse bisten binne yn de natuer. En je krije der suver nocht oan om de tún ‘bijeproof’ te meitsjen, sadat we de wrâld in bytsje helpe.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Geartsje.

Sytske: “Hjir binne fuortendaliks de bijeblommen siedde & we sille ek ris te set oer it meitsjen fan sa’n moai bijehotel. Want ien ding is seker: wy sjogge no mei hiele oare eagen nei dy wûnderlike, hurdwurkjende bisten. Dy’t safolle mear foar ús betsjutte as dat wy yn earste ynstânsje wisten.” Sjoch hjir foar de folsleine resinsje fan Sytske.

Rindert Koopmans (9): “It boek giet oer bijen. Der sitte trije soarten bijen yn in koloanje. Der sit mar ien keninginne yn in koloanje en de keninginne kin wol 2000 aaikes lizze. Yn in koloanje sitte fierder noch twa oare soarten bijen: de wurkbijen en de broedbijen. Ik fyn it in leuk boek omdatsto learst hoe at bijen mei elkoar prate, se prate troch te dûnsjen. Ek wit ik no dat in hiel soad bisten de huningbijen ite, sa as in bear, libel, tiran en de boskkikkert. Ik wist noch net in soad fan huningbijen en fûn it moai om dat troch dit boek te learen.”

Author : Charlotte Milner ISBN : 9789493159457 New label : 1 Pages : 48 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Translator : Ytsje Steen Illustrator : Charlotte Milner Kategory: , , , , , , , .