Ik bliuw by dy
Smriti Halls
€14,99
Uitverkocht
Details
Wêr’tsto ek hinne giest, ik bin derby. Watsto ek dochst, ik bliuw by dy.
It is hiel fijn om goeie freonen te hawwen om alles mei te dielen. Mar soms, hiel soms, kin it wolris wat… euh… te bot wêze.
In bearegoed, -grappich en -leaf boek oer alles wat freonskip betsjutte kin, foar alle freonen op ‘e wrâld.
Besjoch hjir in filmke fan de Tjitsfloch wêryn dit boek foarlêzen wurdt.
Berber Braaksma: “In skitterjend boek oer in tema dat altyd aktueel is en bliuwt. It is foar jong en âld en ik soe it elkenien oanriede!” Lês hjir de folsleine resinsje fan Berber.
Anke Dijkstra: “De yllustraasjes bringe de emoasjes fan bear en iikhoarntsje goed oer. As folwoeksene fiele je mei bear mei, dy’t alles sa goed bedoelt, en begripe je syn teloarstelling. En ek mei it lytse iikhoarntsje fiele je mei, foar wa’t de freonskip wat benearjend wurdt. Dy’t mei muoite syn grinzen oanjout, dan dochs syn freon mist en it dan wer goedmeitsje wol. It binne minsklike situaasjes, dêr’t wy ús allegear yn werkenne.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Anke.
Fleur de Vries: “It tema fan it boek kin bern helpe by it begripen fan in soms wat dreech ûnderwerp lykas freonskip. It ferhaal lit op in leafdefolle en grappige manier sjen hoe lestich mar ek hoe moai freonskippen wêze kinne en dat je der úteinlik altyd foar inoar wêze moatte. It ûnderwerp fan it boek is net allinnich mar moai, mar ek noch tiidleas. Dit is echt in boek dat bern letter ek noch oan harren eigen bern foarlêze kinne.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Fleur.
Lytse Ezel - Jarich syn jierdei
De Metamorfoaze - Franz Kafka
It portret - Audioboek
De parallax
Friesland Fryslân - Odyssee Reisgids
Lieteboek - Sjonge en bidde thús en yn tsjerke
Fryslân mûtse lang
De roekkat
Friese sagen & Terugkeer
Wie was mijn Indische oma?
De Tiidmasine
Waling Dykstra Duvelskeunstner
Stormvloed 1825
Zolang de boom bloeit
Onvermijdelijk verraad - Oorlogsroman 1938-1945
Het Friesland van Johann Hermann Knoop
Tuinarchitect Lucas Pieters Roodbaard (1782-1851) en de landschapsstijl
Kaart: Súntsjes gean de hynstefuotsjes (Sinteklaas)
It parfum - De skiednis fan in moardner
Wurd för wurd för wurd
Brekber
Sprokies van Grimm in 't Stellingwarfs
Brutsen lok - Gedichten
Joazefine yn ´e rein
Fryslân servetten
Sirkus PeM en de ûlewapper
Wêr bliuwe de froulju? - Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023)
De Tunen - observaasjes fan in Fries om Utens
De Onnie's en it hynstebal
Hierbak
Wei, mar net fergetten - 139 in memoriams
Us aller ierdappel
De twadde hûd
Börtersgrut
De Deelen
Hâldsto altyd fan my?

