Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Nij

Iepenbiering - Thriller

Pieter Anko

22,50

Details

It libben kin hurd oars. Dizze spannende thriller set útein as in teolooch dy’t krekt beneamd is ta heechlearaar oan de Frije Universiteit yn Amsterdam de Friezinne Jantje moetet. Dêrnei feroaret de man dy’t promovearre is op it bibelboek Iepenbiering yn heech tempo fan in studeartafelgelearde yn in tûke speurder nei it grutste geheim fan ’e wrâld: wannear sil de Lêste Dei oanbrekke?

Nei’t in slúf besoarge wurdt mei in riedselich boadskip, en nei’t de boadskipper net folle letter fermoarde oantroffen wurdt, begjint in aventuerlike reis dy’t it duo fiert fan de Fryske marren en Bouwekleaster yn ’e noardlike Fryske Wâlden nei in kleaster op it Grykske eilân Patmos. Wat leart de heechlearaar oer himsels? En is elkenien wol dy’t er seit dat er is? Wa besiket it twatal op syn syktocht nei de wierheid de foet dwers te setten?

‘Iepenbiering boartet fernimstich mei yninoar gripende filosofyske en bibelske motiven en wurdt yn perfekte thrillerstyl mei faasje en feardichheid ferteld.’

Skriuwer: Pieter Anko Isbn: 9789492457615 Nij: 1 Tal siden: 216 Taal: Frysk Útjouwer: Het Nieuwe Kanaal Utfiering: paperback Kategory , , , .