Ienenfjirtich dingen
Carsten René Nielsen
€15,00
Details
De Deenske dichter Carsten René Nielsen (1966) sjocht himsels net alderearst as in kok mar mear as skiekundige, syn wurkwize is lykwols ferlykber: it mingen fan ferskillende bestândielen, goed riere en dan sjen wat derút komt.
Syn proazagedichten kinne typearre wurde as surrealistysk en absurdistysk, mei faak in humoristyske ynslach en soms treffe de gedichten jin yn it moed, lykas it gedicht Sardineblikje. Yn elk proazagedicht ropt Nielsen in hiele nije wrâld op en alle kearen kinst mei iepen eagen en iepen mûle fan ferwûndering ferdwale yn syn cocktail fan taal en bylden.