Kategoryen

No products in the cart.

Ien tel de ierde stil - Gedichten

Arjan Hut

17,50

Details

As in knipperjende tried rint de tiid troch Ien tel de ierde stil.

Der is in winsk om de tiid te manipulearjen. “Wie it mar wer as froeger,” bromt in man op it terras. Op de Feanhoop rint in klok fiif minuten foar, krekt genôch foar in suver einleaze kuiertocht nei de dunen. In hovenier rint troch de dreamen fan in doarp. Yn ferkiezingstiid litte we de ierde los. Noch in heale minút om wat te sizzen oer in nije oarloch. Mar stoppet de tiid dan echt? Ek de tiid sels docht raar. Alde simmers wurde yn mânske skuorren bewarre. Nachts skynt de sinne en liket op in bijekoer. Yn it poldertsjuster lekt de Molkwei oer de terpen.

Arjan Hut (berne yn Drachten, 1976) groeide op yn Surhústerfean en wennet sûnt 1996 yn Ljouwert. Hy wennet dêr mei syn frou en twa bern. Yn 2005 waard er keazen ta earste offisjele stêdsdichter fan Ljouwert. Dy titel jilde foar twa jier. Yn 2019/2020 is Hut Wâlddichter, gemeentedichter fan Achtkarspelen. Behalve gedichten skriuwt hy ek oer muzyk, foar De Moanne en it Friesch Dagblad. Earder ferskynden de dichtbondels: Nachtswimmers (Bornmeer, 2004), 05/06 (Bornmeer, 2007), Tin (Afûk, 2010), Aurora Bossa Nova (Afûk, 2016), Fjoertoer yn it wâld (Afûk, 2020.

Sjoch foar in resinsje fan Eeltsje Hettinga: https://eeltsjehettinga.nl/de-lichte-en-ljochte-poezy-fan-arjan-hut-fjoertoer-yn-it-wald/

Arjan Hut is op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Eke Folkerts offisjeel beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Arjan Hut is de fjirde Dichter fan Fryslân en de opfolger fan Sigrid Kingma.

Dichter fan Fryslân Arjan Hut: “Doe’t ik frege waard, woe ik eins net fuort tahappe, mar foar’t ik it wist sei ik: ‘Ja, ja, fansels!’ It soe moai wêze as ik yn dizze tiid fan orakels, tsjutters en antwurden in tsjinwicht biede kin, en in romte fertsjinwurdigje dêr’t plak is foar twifel. En fierder: minder wifi, mear poetry!”

Author : Arjan Hut ISBN : 9789493318083 New label : 1 Pages : 60 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : Softcover Kategory: , , , .