Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Nij

Fries geluk - Frysk gelok

(Frysk gelok)


Sybrand Buma

9,90

Details

Oan it begjin fan syn twadde termyn as boargemaster fan Ljouwert zet Sybrand Buma op in rychje hokker mienskiplike opjeften hy yn Ljouwert en Fryslân sjocht. Hy begjint mei de waarnimming dat it tradisjonele ekonomyske model oan revyzje ta is en hâldt in pleit foar de fersterking fan de ferbiningen mei it ekonomysk hert fan Nederlân. Dêrnei beskriuwt er hoe’t it rapport ‘Fries geluk onder druk’ fan it Planbureau Fryslân him oan it tinken set hat: As njonken de ekonomyske útdagings ek noch it Fryske geloksmodel ûnder druk stiet troch fergrizing en krimp, dan is der wurk oan ‘e winkel.

It net benei te kommen sukses fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 hat sjen litten wat de kaai ta sukses is: Gearwurking tusken oerheden, ûndernimmers, kultuurmakkers en maatskiplike ynstellingen. Allegear sûnder it eigenbelang foarop te setten, sûnder hierargy en sûnder winsucht, mar mei it mienskiplike doel Ljouwert en Fryslân ek yn de takomst sjen te litten wat it no is: it bêste lân fan d’ ierde.

Skriuwer: Sybrand Buma Isbn: 9789083523774 Nij: 1 Tal siden: 68 Taal: Frysk Nederlânsk Útjouwer: Wijdemeer Utfiering: paperback Kategory , .