Kategoryen

No products in the cart.

Flagge: Jawis! #Slagge

14,95

Details

Is der ien slagge? Lokwinske!

Hingje dan gau dizze moaie flagge út mei de Fryske tekst: ‘Jawis! #Slagge’.

Yn gearwurking mei de Afûk hat de Dokkumer Vlaggen Centrale in Fryske kolleksje flaggen útbrocht en ‘Slagge’ is hjir ien fan.
Lit sjen dat der ien slagge is en bestel de flagge direkt hjir online!

Yn kombinaasje mei de rêchtas by de flagge sjocht elkenien dat der ien slagge is. Hoe moai is dat?

Silst de flagge bestelle? Dan soenen wy it moai fine ast in foto fan de flagge dielst op dyn sosjale media mei de hashtag #DVCxAfuk. Sa litst fuort sjen datst grutsk bist en sa witte wy ek wêr as it feestje is!

Materiaal Slagge flagge

De Fryske ‘slagge-flagge’ met de tekst “Jawis! #slagge” is makke fan it doeksoart ‘Poly-Glan’ en hat it formaat 100 x 150 sm.
Ideaal om tegearre mei de rêchtas oan de flaggestok by it hús te hingjen.