Kategoryen

No products in the cart.

Fertel ris - Praatkaarten

9,95

Details

Bring in petear op gong mei de praatkaarten fan ‘Fertel ris’.

Fertel ris, hoe wie jo skoaltiid, wat stie der by jo op tafel foar it jûnsiten en watfoar boartersguod hienen jo doe’t jo lyts wienen? Mei de Fertel ris-praatkaarten kinst op in boartlike wize en oan de hân fan ferskillende tema’s, ûnderwerpen en fragen moaie petearen op gong bringe. Yn it Frysk én it Nederlânsk.

It projekt Fertel ris – ûnderdiel fan it bredere projekt Frysk yn ’e soarch fan de Afûk – jout wolwêzensmeiwurkers en/of aktiviteitebegelieders en frijwilligers yn de soarch, mar ek famyljeleden fan immen dy’t soarch kriget, hânfetten foar (Frysk)talige aktiviteiten mei âlderen. Mei materialen yn de eigen taal en út de eigen regio wurde oantinkens wer libben en komme de ferhalen nei boppen. Earder waarden mei dat doel û.o. de Belibje it wer tema-koffers ûntwikkele. No binne der de Fertel ris-praatkaarten. Oan de hân fan ferskillende tema’s, ûnderwerpen en fragen kin op in maklike, leuke en tagonklike wize in (moai) petear op gong brocht wurde.

Tema’s: Sport, Skoaltiid, Iten & Drinken, Muzyk, Frije tiid. Doaske mei 70 kaartsjes.

New label : 1 Language : Frysk Nederlânsk Publisher : Afûk Format : Kaartspul yn doaske Kategory: , .