Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Eilân fan de silligen

Ypk fan der Fear

18,50

Details

Eilân fan de silligen is in histoaryske roman oer it libben fan Antoinette de Bourignon (1616-1680), dochter fan in rike roomske keapman út it Belgyske Rijsel. Antoinette flechte út har âlderlik hûs om oan in oplein houlik te ûntkommen. Nei ferskate omswervings bedarre se op it Waadeilân Nordstrand by Sleeswyk-Holstein en mei har folgelingen boude hja dêr oan har ideaal om in kristlike oergemeente te stichtsjen. Bourignon wie der fan oertsjûge dat God har útkeazen hie om it wiere kristendom út te dragen. Nei’t hja har leauweardigens ferlear, flechte Antoinette nei Amsterdam. Hja waard ûnderweis siik en ferstoar yn Frjentsjer.
Ypk fan der Fear beskreau de haadfiguer as in frou dy’t ‘ûnder ynfloed fan mystike skriuwers en prekers harsels seach as in ynkarnaasje fan God’.

Skriuwer: Ypk fan der Fear Isbn: 9789089541833 Tal siden: 179 Taal: Frysk Útjouwer: Elikser Utfiering: paperback Kategory , , .

Relatearre produkten

Oanbieding
Oorspronkelijke prijs was: €17,50.Huidige prijs is: €5,00.