Efter it tried, häftling nû 10039 - Kampsketsen út Amersfoort
Reimer van Tuinen
€19,50
Details
Efter it tried is in yndrukwekkend, ticht op de hûd fan de tiid skreaun dokumint, dêr’t Reimer van Tuinen as Häftling nû 10039 syn ûnderfinings yn it konsingraasjekamp Amersfoort yn werjout. Yn it boek wurde autobiografyske sketsen ôfwiksele mei seis gedichten, wêrûnder it lange, sprekkende gedicht ‘Transport nei Neuengamme (9 septimber 1944)’.
Van Tuinen jout in yngeand byld fan it deistige libben yn de barakken. Der is it wachtsjen, it omhingjen, it sinleas wurk – lykas it meitsjen fan boartersguod – de appèls yn ‘it roazetún’, it beruchte tún dêr’t kampfinzenen bytiden, waar of gjin waar, dagen oanien delset waarden, sûnder iten of drinken.
Passaazjes oer dat soarte strafeksersysjes ûnder lieding fan de Dútske SS’er en plakferfangend kampkommandant Joseph Kotalla, oftewol de boal fan Amersfoort, treffe jin djip likegoed as de yngeande, op solidariteit boude kampfreonskippen.
Elske Schotanus beskriuwt yn de ynlieding wa’t Reimer van Tuinen wie: túnker, fersetsman en skriuwer. Fan twa fan syn Fryske kampmaten, dêr’t hy de häftlinge-nûmers fan neamt, is beskreaun wa’t it west ha. Beide, Hein Sietsma en Hendrik Bethlehem, ha de oarloch net oerlibbe.
Bêste jonge - e-book
Mem, fertel!
Fryske berteflagge 'Hoera, in jonkje'
Duivelbanners en wonderdokters in de Wouden
Fryske wintersokjes foar de poppe (2 pear)
Strand- campingtas Fryslân
Waatze Gribberts brulloft
Ringbân Fryslân
Underweis
Het goud op de weg
De taal van recht en vrijheid
Fryske flagge / Friese vlag 100 x 150 sm
Kneppelfreed 2021 - Ferline en takomst fan de Fryske taal
Kai-Mook it skattige oaljefantsje
De besleine spegel - autobiografy
Katoenen tas met schelpenprint - Shopper
Mokje - Foar de kofje net eamelje
Historische atlas van Zuidoost-Friesland - Het andere Friesland
Rode runen - De herontdekking van de visionaire dichter Ella Wassenaer
Kaart: Sa fier as de moanne
Beppe, fertel!
Kondoleânsjekaart: in bytsje himel yn ús hert
Friese vlag sokken (35-41)
Knuffeldoekje Friese vlag
Friese bretels
It Achterhûs
