It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Dynamyske Bestimming - Diel 20 fan 'In Fryske Odyssee'

Willem Tjerkstra

18,95

Details

Dynamyske bestimming is it tweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by it Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht en Dynamyske bestimming wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000.

Yn Dynamyske bestimming komt men net út by statyske situaasjes. Sa reizgje yn it jier 2000 Friezen út ‘e hiele wrâld werom nei har bertegrûn en belibje dêr dagen fol dynamyk. Charles Lindbergh fleach yn it jier 1927 solo de Atlantyske Oseaan oer mei as bestimming Parys, dêr’t him in dynamysk wolkom wachte. Bouke Blomhof libbet ta nei in bestimming sûnder kij, wat de fraach opropt oft er de dynamyk op ‘e pleats deryn hâlde kin. De auteur sels hie yn de maitiid fan 2015 It Heidenskip as bestimming, dêr’t de Koerd Adid ben Ali foar in dynamyske dei soarge. Oan de ein fan dit boek is in mearfâldige maraton it symboal fan dynamyk.

Author : Willem Tjerkstra ISBN : 9789464249873 Pages : 312 Language : Frysk Publisher : Aspekt Format : Softcover Kategory: , , .