De Wurdskat
Rebecca Gugger en Simon Röthlisberger
€17,99
Details
Oskar fynt by it skatgraven in grutte kiste. Hy makket de kiste iepen, mar dan blykt dat der allinne mar wurden yn sitte. Oskar is bot teloarsteld, oant er de kracht fan wurden ûntdekt.
Ast se ienkear útsprekst, hawwe wurden in magyske kracht.
Dus gean der foarsichtich mei om.
Mei wurden kinst de wrâld yn bloei sette.
En kinst ûnferwachts ek samar in wurd fan ien kado krije.
In orzjineel printeboek mei boartlike en humoristyske yllustraasjes oer wurdskat en fantasy. Fan 7 jier ôf.
Antje van Schepen: “It printeboek ‘De wurdskat’ is in skat op himsels. It begjint al op it kaft en ast it boek iepenslachst, sjochst alderhande nijsgjirrige Fryske wurden. Dat jout fuort ek de sfear oan dy’t yn it hiele boek te fielen is: boartlik, licht, fleurich. Ast fierder blêdest, sjochst mei-ien wichtige ynformaasje oer de skriuwers/yllustrators: ien hâldt derfan om mei de holle yn de wolken te rinnen en de oare hâldt derfan om it seil te hisen. Bûtenminsken dy’t tagelyk grafysk goed ûnderlein binne. En dat is ek hoe’t it boek ynelkoar stekt. Ferbylding en betsjoening kombinearre mei soks as in wurd. Want wurden ferbyldzje en jouwe dy in bepaald gefoel.” Lês hjir de folsleine resinsje.
