De twadde hûd
Hilda Talsma
€21,50
Details
Elske hat in opstannige dochter, in man dy ’t nei in ûngeluk de moed opjûn hat, mar dochs docht se har bêst om wat fan har libben te meitsjen. Lykwols, djip yn harsels heakket der wat.
Se tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil, mar dat kin net mei Sjoerd, dy is ûnfruchtber. Se sit sa fol fan har bernewinsk, dat se op in stuit yn beskonken tastân in drastysk beslút nimt. Mar de keardel dy’t se útsiket om har dream útkomme te litten, foldocht likemin oan har winsk. Se hat sa’n spyt fan har domdrystens dat se har djip skammet. De jûns foar de merke set se him oan ’e dyk, mar dêr is hy it net mei iens.
Sjoerd docht ûnderwilens hieltyd mear syn bêst om yndruk op har te meitsjen en it liket wol oft se wer wat nei-elkoar ta groeie. En dan stiet dy âlde, bekende karavan op it merketerrein. Oantinkens fan mear as tweintich jier lyn komme yn alle fûlens nei boppen. Unferwachts stiet se each yn each mei Ronny. De grins tusken froeger en no is ynienen fuort. Wêrom is er samar wer yn Frisum?
Yn dit tige libbene en humoristyske boek lit Hilda Talsma sjen dat se omraak fertelle kin. Noflik om in jûn by wei te dreamen, mar it set je tagelyk ek oan it tinken.
Börtersgrut
Autofaantsje Fryske flagge
Fietskaart Friese Meren met Zuid-Friesland
Iisbaan yn 'e maaitiid
Dat is moai Frysk!
It burd fan Fidel Castro - ferhalen
Ynstruminten - diel 2
Sipke op het kaatsveld - Sipke op it keatsfjild
Trude
Aete en ame Plús - yn it Hylpers
Neigeraden it Noarden
It parfum - De skiednis fan in moardner
Nina
De memoires van Simon Tette Hofstra
Dit leeft in me - JanMurk de Vries, brieven 1950-1961
Kaart: Do hast dyn jierdei!
Moard yn 'e hite hei - speurdersroman
De Weddenskip
Slangen ûnder it bêd