Kategoryen

No products in the cart.

De Traveliers: Kantsje board op Kurasao - Audioboek

Auck Peanstra

12,50

Details

Lústerboek

De Traveliers, in searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhande projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr’t it aventoer om ‘e hoeke leit. Dit kear binne se op Kurasao.

Mei in stampende pineholle wurdt Hidde wekker. Syn mûle fielt droech oan en hy hat slim toarst. Fernuvere sjocht er om him hinne. Alles is wazich. “Wêr binne we?”
Alhoewolt’t it skimerich is, wit er dat de nacht foarby is. Troch de yngong skynt it sinneljocht, it docht him sear oan de eagen. De grûn dêr’t er op leit is kâld en hurd, rotsen! De lucht fielt damp oan, Hidde huveret. Dan sjocht er nei syn suske. Dy leit mei de eagen ticht njonken him. “Fardau! Fardau!”

Foarlêzen troch de skriuwer.

3 cd’s