De rôf fan de Fryske mummy - Audioboek
Jorrit de Klerk
€10,00
Details
De tolvejierrige Anna mei net mei har âlden mei nei Singapore. No moat se op fakânsje mei har freeslike tante Keet. En dan ek nochris nei de lytste camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se Wietze. Hy nimt har mei nei de mysterieuze tsjerke yn it doarpke Wiuwert. In tsjerke mei in grut geheim. Want minsken dy’t dêr begroeven wurde, feroarje yn mummys!
Mar as se in besite oan de tsjerke bringe, sjocht Anna in frou wat fertochts dwaan. Wol sy ien fan de mummys rôvje om achter it geheim te kommen? Of slacht Anna’s fantasy op ‘e rin? Foar’t se it yn de gaten hat, komt Anna yn in spannend aventoer telâne en is se miskien wol de iennige dy’t de mummy rêde kin.
De rôf fan de Fryske mummy is basearre op it echte geheim fan de mummys fan Wiuwert. In mystearje dat al hûnderten jierren lang noch troch gjinien oplost wurde koe.
Audioboek op 1 mp3-cd, foarlêzen troch Froukje Sijtsma.
Kaart: Wa't leaf is krijt letters (Sinteklaas)
Kaart: Oeral thús, mar thús it bêste. (Friese spreuktegel)
Beppe, fertel!
Mem, fertel!
Kaart: Pyt soe te fytsen (Sinteklaas)
Kaart: Sa ist en net oars, ... (Friese spreuktegel)
Lytse Ezel - Jarich syn jierdei
A5 kaart: Heit
Kondoleânsjekaart: in bytsje himel yn ús hert
Kaart: krûpke?
Fan glês it brekken
Kaart: De tiid hâldt gjin skoft (Friese spreuktegel)
De Friese utopie
It eilaam
Kai-Mook it skattige oaljefantsje
Tsien fan Hylkje
A5 kaart: Ik sil sliepe leave Hear
Kaart: foar ivich man en frou
Frisismenkaart: herfst / hjerst
Kaart: Samar...
Kaart: Tankewol leave oppas
De Friese mummieroof