It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

De rôf fan de Fryske mummy

Jorrit de Klerk

16,99

Details

“Twa tellen letter siet ik ferstoppe achter de houten planken fan ’e preekstoel. De trep fan ’e mummykelder kreake. Mefrou Griis rûn nei boppen. Hie se my heard? Har hakken tikken fierder op ’e stiennen fan ’e tsjerkeflier. Elk momint ferwachte ik dat har gesicht mei dy gemiene laits ferskine soe.”

De tolvejierrige Anna mei net mei har âlden mei nei Singapore. No moat se op fakânsje mei har freeslike tante Keet. En dan ek nochris nei de lytste en saaiste camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se Wietze. Hy nimt har mei nei de mysterieuze tsjerke yn it doarpke Wiuwert. In tsjerke mei in grut geheim. Want minsken dy’t dêr begroeven wurde, feroarje yn mummys!

Mar as se in besite oan de tsjerke bringe, sjocht Anna in frou wat fertochts dwaan. Wol sy ien fan de mummys rôvje om achter it geheim te kommen? Of slacht Anna’s  fantasy op ’e rin? Foar’t se it yn ’e gaten hat, komt Anna yn in spannend aventoer telâne en is se miskien wol de iennige dy’t de mummy rêde kin.

De rôf fan de Fryske mummy is basearre op it echte geheim fan de mummys fan Wiuwert. In mystearje dat al hûnderten jierren lang noch troch gjinien oplost wurde koe.

Dit boek is ek yn it Nederlânsk te krijen.

BESJOCH HJIR DE BOEKTRAILER

 


Lara: “Toby en Lily vonden het beide ook erg leuk om te kijken of ze de kat op de illustraties konden vinden. Op het laatst konden ze het niet meer wegleggen, omdat ze nú moesten weten hoe het af zou lopen. Toby was in het begin bang dat het misschien te kinderachtig zou zijn, maar wil het nu graag nog een keer helemaal zelf lezen. Al met al echt een aanrader, ook voor de beginnende Fries-lezer. Petje af voor het verhaal, de illustraties en zeker ook voor de vertaling! Het boek nodigt daarnaast heel erg uit om de mummies zelf te bezoeken!” Lês hjir de folsleine resinsje fan Lara.

Marrit: “Spanning ten top, it boek is goed (foar) te lêzen. Fijne, net al te lange haadstikken, sadatst – ast dat doarst fansels – foar it sliepen gean noch ien (foar-)lêze kinst. Us middelste fan 9 fynt sels Frysk lêze noch wol wat lestich, mar lústerje nei mem dy’t har foarlêst wylst sy lekker ûnder it waarme dekbêd krûpt bist, dat slagget wol. Koartsein: dwaan, yn dyn winkelwein stopje! In machtich moai superspannend (foar)lêsboek!” Lês hjir de folsleine resinsje fan Marrit.

Author : Jorrit de Klerk ISBN : 9789493159397 New label : 1 Pages : 146 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Translator : Martsje de Jong Illustrator : Edward Kobus Kategory: , , , , .