Kategoryen

No products in the cart.

De Onniefariant

Hilda Talsma

21,50

Details

It koroanafirus hat de wrâld al twa jier yn ’e greep. Lockdowns, faksinaasjes en oare maatregels ha in grutte wjerslach op ’e minsken. De grutte ûnwissichheid oer alles makket dat minsken hieltyd mear tsjinelkoar oer komme te stean. Ek de Onnies reitsje slim ferdield as it op pandemy en polityk oankomt. As dan ek noch de koarte, mar yntinse relaasje tusken Roos en Richard fan trije jier lyn oan it ljocht komt, rinne de frustraasjes oer en wer sa heech op, dat de famylje útinoar driget te fallen.
In feest yn Klup Panhuys bringt koarte tiid wer wat fleur yn it libben, mar kin net foarkomme dat de oars sa krigele Connie hieltyd mismoediger wurdt. De help komt út ûnferwachte hoeke.

Yn De Onniefariant komme suver alle âlde bekenden út de boeken fan Hilda Talsma wer werom, want allegear binne se op ien as oare wize ferbûn mei dy bysûndere twaling!

Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk.

Author : Hilda Talsma ISBN : 9789463655767 New label : 1 Pages : 202 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Kategory: , , , .