Kategoryen

No products in the cart.

De Nacht - Audioboek

Elie Wiesel

15,00

Details

Lústerboek

Elie Wiesel (1928) waard berne yn it stedsje Sighet (Transsylvanië) yn 1928. Mei syn famylje waard er deportearre nei Auschwitz doe’t er noch mar in jonge wie, en dêrnei nei Buchenwald, dêr’t syn heit en mem en suske stoaren. Yn syn earste boek, La Nuit (De Nacht), docht er dêr ferslach fan. Nei de oarloch gong er nei Parys. Hy makke him de Frânske taal eigen en naam de Frânske nasjonaliteit oan. As sjoernalist reizge er nei Israël en de Feriene Steaten. Dêr waard er heechlearaar yn de minskwittenskippen oan de universiteit fan Boston.

Elie Wiesel krige ynternasjonale bekendheid, net allinne troch La Nuit, mar ek troch al syn oare boeken. Gâns ûnderskiedingen en literêre prizen waarden Elie Wiesel takend. Yn 1986 krige er de Nobelpriis foar de frede. Syn boeken binne yn gâns talen oerset.

Foarlêzen troch Jacobus Knol

4 cd’s

Author : Elie Wiesel ISBN : 9789460380310 Language : Frysk Publisher : Audiofrysk Kategory: , , , , .