No products in the cart.

Kategoryen

No products in the cart.

De Letterfretter

Lida Dykstra

18,99

Details

De Letterfretter, de Letterfretter fynt alle lûden like lekker

In sinnebaaiende pappegaai, in gouddo en in sliepperich rûpke, de letterfretter komt alderhande bisten tsjin op syn reis troch Fryslân.

Hy is op syk nei Fryske lûden (klinkers), sa as de Â, de OA, de II en al dy oaren, want dêr is er sljocht op. Folgje de letterfretter op syn reis en lear boartsjendewei alle Fryske lûden en de aldermoaiste Fryske wurden.

Yn De Letterfretter steane 47 gedichten fol taalrykdom, mar ek mei humor, dat is Lida Dykstra wol tabetroud. Dat alle lûden dy’t yn it Frysk foarkomme yn dit boek systematysk op in rychje steane, makket fan De Letterfretter in nije klassiker dy’t yn gjin inkelde boekekast ûntbrekke mei.

Fan 0 – 110 jier

Download hjir in moaie kleurplaat fan De Letterfretter!


‘De letterfretter is foar jong en âld in skatkiste fan it Frysk, dêr’t eltse kear wer wat nijs yn te ûndekken falt.’– Yvonne Dijkstra,  Friesch Dagblad, 4 febrewaris 2023.

Sarah van der Meer: “Mirthe haar favoriet is ‘dat verhaal van die man achter de tralies’. In dit verhaal, Har Winsk (over de klank i, noaslûd), moet prins Rinse trouwen met dat aaklike mins út Grins (de prinses). Dat blijft grappig! Zelf beleef ik ook plezier aan het boek. Fries is niet mijn moedertaal, dus ik steek er het een en ander van op. De letterfretter heeft voor elke leeftijd iets te bieden. En dat hoeft niet per se om leren te gaan. Je kunt ook ‘gewoon’ genieten van de gedichtjes en illustraties, die bij jong en oud de fantasie prikkelen!” Lês hjir Sarah har folsleine resinsje.

Marrit: “Ik fyn it in oanrieder foar elke heit en mem, pake en beppe of omke en muoike. Meielkoar lêze, lústerje en foaral genietsje fan al it moais dat mei ús prachtige taal skreaun wurde kin.” Lês hjir Marrit har folsleine resinsje.

 

Relatearre produkten

Oanbieding
Original price was: €14,95.Current price is: €5,00.