It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

De kul oer it skouder

Trinus Riemersma (besoarger)

17,90

Details

Yn 1953 begjint in ploechje jonge minsken mei it útjaan fan it literêre tydskrift De Golle. It belibbet mar trije nûmers, dan wurdt it nadere troch twa Amsterdamske studinten en fuortset ûnder de titel Quatrebras. It giet net allinnich om in nammeferoaring, redaksje en skriuwers neame harsels ‘eksperiminteel’. Dat is it begjin fan in tydrek fan misferstan, lekskoaierij en reboelje.

Wat ‘eksperiminteel’ is, wit gjin mins en de redaksje makket it ek net dúdlik. Wat opfalt is dat de fersen soms ‘nuver’ printe wurde en dat de skriuwers net altyd like serieus dwaande binne. Se lykje gjin respekt te hawwen foar de lezer, noch foar de poëzy.

Yn 1959 is it duveldei. Hessel Miedema publisearret in fers mei de rigel ‘dêrom lei er de kul oer it skouder en reizge floitsjend of’. Fedde Schurer driget op in literêr symposion dy ferskriklike rigel foar te dragen en it Anjerfûns wegeret Quatrebras subsydzje foar it útjaan fan de fersebondel Reade runen fan Ella Wassenaer.

Wurdearring is der likegoed ek, benammen by de besprekkers fan it Literair kwartier fan de RONO. Lju as Tiny Mulder en Anne Wadman werkenne dat ien as Hessel Miedema proaza en poëzy fan hege kwaliteit leveret.

De Tsjerne, it oare literêre blêd, negearret Quatrebras meastepart. It bliuwt ornaris by wat sunich praat. Sadwaande hat dat tydskrift syn taak as begelieder fan de nije literatuer folslein fersleauke.

De echte bestriding fan Quatrebras kaam fan in heel oare kant, fan Jakob Noordmans fan de Leeuwarder Courant. Dy man hat suver in hetze fierd tsjin Quatrebras en syn skriuwers. It wêrom dêrfan is altyd in riedsel bleaun.

In rekonstruksje fan in fete yn de Fryske literêre wrâld ein jierren fyftich fan de foarige iuw.

Author : Trinus Riemersma (besoarger) ISBN : 9789059980426 Pages : 198 Language : Frysk Publisher : Utjouwerij Venus Format : Softcover Kategory: , .