De Kening sûnder Hynder (ferskynt 1 oktober)
€7,99
Details
As de kening mei in poerbêst sin de keninklike stallen yn stapt, wachtet him in aaklike ferrassing: syn hynder is ferdwûn! Resolút giet er op aventoer út om syn trouwe kammeraat te finen. Lang hoecht de kening net te sykjen, want bûten de kastielpoarte leit in draak te sliepen – en út de búk fan de draak klinkt it begrutlik:
‘Hi-hi-hii’. Wat dochst as dyn bêste freon opiten is troch in gigantyske draak? Dan moatst fansels al eefkes slokke. En dêrnei sammelest al dyn moed byelkoar om him te rêden.
De kening sûnder hynder is in grappich ferhaal op rym oer heldemoed en échte freonskip.