It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

De Jacht

Durk van der Ploeg

22,50

Details

Dizze roman spilet foar it grutste part yn Ealsum, in doarp efter Dokkum. Former Bloemkamp komt werom nei syn bertedoarp as breafisker, jager en mollefanger. By de Ealsumers leit er der al gau út, om’t er eigensinnige wegen giet. Syn tsjinspiler is Lútsen Idsardi, in idealist, mar tagelyk in labyl figuer, dy’t maatskiplik rûnom mislearret. In slepend konflikt tusken Former en Lútsen einiget op befrijingsdei 1945 yn in drama. De roman De Jacht ferskynde foar it earst yn 1988 en wie doe al de sande roman fan Van der Ploeg. Mei it boek berikte er in breed lêzerspublyk. It is de earste fan de fjouwer romans dy’t yn de oarloch yn de Dongeradielen spylje. De oare trije ferskynden as De oarloch fan Durk van der Ploeg yn 2011 yn ien bân by de Friese Pers Boekerij. Dizze tredde printing fan De Jacht is in werútjefte fan de earste.


Dick Eisma yn de Leeuwarder Courant:
Yn it beskriuwen fan it lânskip en it skreppen, wrotten en bealgjen fan de lytse man is Van der Ploeg in master, ek wat syn taalgebrûk oanbelanget.

Eppie Dam yn Frysk en Frij:
Yn dizze roman is in sterke ûnderstream fan universele dramatyk oanwêzich. De Jacht soe as útgongspunt tsjinje kinne foar in Fryske spylfilm.

Sybren Sybrandy yn Trotwaer:
It ferhaal fan Former, Hinke en Lútsen draacht it hiele boek op natuerlike wize en hâldt de gong deryn oant op de lêste side. 

Durk van der Ploeg waard yn 1930 berne yn Hoogkarspel (NH). As jonkje fan trije jier kaam er mei syn âlden nei Ealsum. Hy folge in oplieding ta typograaf en waard letter opmaakredakteur by de Leeuwarder Courant. Durk van der Ploeg is ien fan de produktyfste Fryske skriuwers, meast proaza, mar ek poëzij. Yn 2011 krige er de Gysbert Japicxpriis foar al syn literêr proaza. 

Frysk, paperback, 263 siden