Nij
De ierde giet troch minskehân teloar
Durk van der Ploeg
€26,50
Details
Ta eare fan syn 95-ste jierdei ferskynt dizze nijste, benearjend aktuele roman.
Aling Koudenburg, learaar biology, wurdt der ûnrjochtlik fan betichte dat er ien fan syn studinten tenei west hat. Dat bringt him sa fan ’e wize dat er net langer ûnder de minsken doart te wêzen en dêrom siket er oar wurk. Hy sollisitearret en kriget in baan as fûgelwachter op in ûnbewenne eilân foar de Dútske kust. Troch min waar, hurde wyn, in stoarmfloed en mei in ûnferwachte gast moat er flechtsje foar heech wetter.
Dy flecht rint út op in lange dramatyske reis.