De Harksizzer
Elias Canetti
€24,00
Details
De bondel karaktersketsen Der Ohrenzeuge fan Elias Canetti (1905-1994) befettet fyftich portretten fan net besteande, mar mooglike figueren mei in meast nuvere, oerhearskjende karaktertrek. Hja foarmje it bewiis fan gauris tsjinstridige behoeftes, gefoelens, ynteresses, eangstenen idealen, dy’t de minsk sa meidrage kin. Ien inkele eigenskip follet it bestean fan eltse figuer. Sa libbet de Nammelikker fan syn bewûndering foar grutte nammen; de Rookskriele giet alle roken út ‘e wei, sels dy fan blommen. Al dy karakters ha ienris en foargoed de grinzen fan harren wrâld fêstlein. Hja mije de feroaring en bliuwe harren hiele libben lang deselde.
De satire fan Canetti yn Der Ohrenzeuge is rjochte tsjin de bline selsbeheining fan de minsk dy’t himsels ynkapselet yn syn eigen wrâld, sûnder each foar it oare en de oar. In mylde satire, omt Canetti -lykas de lêzer- himsels yn in soad karakters weromkent.
Nûmere eksimplaren.
De skacht en de slinger