It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

De griene ierde

Frederick Manfred

44,50

Details

Free stie op it punt de melkamers te heljen fan it droechrak bij de hikke, doe’t er ynienen yn it hûs achter him muzyk hearde. Hij harke, mei de hannen noch krekt net de amers reitsjend. Dat wie syn mem dy’t yn de moaie keamer oargelspile. De snein wie syn mem har dei fan rêst, foarsafier’t dat gong, en se besocht altyd om it hûs in pear oeren foar harsels te hawwen. Earst rûn se altyd troch it hûs hinne en wer, as sweefde se yn in droom, en seach dan nei al it wurk dat se dy wike dien krige hie, dingen streakjend dêr’t se fan hold, de pendule, de dúdlike nerven fan de iken tafel, de lêste foto fan har heit, de o sa kreas-wite streekrjocht delhingjende oergerdinen. Dan gong se nei de moaie keamer, en loek de doar achter har ticht. Se stie dan even nei har bêste meubels te sjen, dy’t opglommen yn it timpere brune ljocht, en rûn dan nei elk apart rút ta, dêr’t se de gielbrune sinnegerdinen fan omheechloek, sadat it rôze skimerljocht nei binnen falle koe.

Wat se it aldermeast leafhie, wie it âld oargel. It besnijde ikehout gloeide noch altyd as libbe it. Allinne de readplusen pedalen toanden slitaazje en wienen feal wurden. Even dêr steand mei in hân op har goudbrún hier, elk foarbijgeand momint yn harsels opsûgend, om dêr oan de lêste drip ta fan te genietsjen, flijde se harsels einliks op de oargelkruk del, en begûn se – gjin frou of mem mear, mar in fan it parfum fan de prairieroas foarme geast – stadich te spyljen. Free harke hoe’t se troch “De Rots der Ieuwen”, “It Yngarjen fan de Skeaven”, en “Der wienen Njoggenennjoggentich Skiep” hinne mimere. Dêrnei spile se “Moai Ohio”. Doe’t se bij it refrein kaam, begûn se te sjongen: ‘Driuwend op it wetter yn it moanneljocht.’

Green Earth, De griene ierde wurdt beskôge as it masterwurk fan Frederick Manfred. It boek beskriuwt it houlik fan syn âlden (1909) en de jeugd fan Alfred Alfredson en is suver folslein autobiografys. Alfred (‘Free’ neamd) is Manfred sels en foaral de mem wurdt hjir mei grutte waarme leafde tekene. It boek is, lykas al syn saneamde ‘farm novels’, breed fan palet en episoadys fan opbou, mei in grutte oandacht en leafde foar it detail yn beskriuwingen. It giet oer in Fryske famylje, wêryn’t Uncle Big John sit te lêzen yn Reamer en Sape fan Gysbert Japicx, en de pake (‘Grampa’) in buordsje oan de muorre hat mei de tekst ‘Sjuch, God is great en wy bigripe him net’.

It is in prachtige beskriuwing fan it plattelân fan ‘Siouxland’, sa’n foech hûndert jier lyn. It djippe simpele ortodokse kalvinisme, dat nei binnen ta sa’n gefoel fan waarme burgenens jaan kin, wurdt hjir sûnder soerens beskreaun fia de figuer fan dy ûnferjitlike mem, wêrtroch dat nei binnen kearde kalvinisme yn leafdefolle herinnering, mar sûnder sentimintelens, o sa ierdsk en mei djip respekt delset wurdt.

Oersetter Geart fan der Mear hopet dat de Fryske lêzer fan hjoed-de-dei Manfred wurdearje sil om syn earlike, o sa krekte, meinimmende en tawijde beskriuwing fan it libben op it plattelân fan it stik Amearika dat oan him de namme Siouxland te tankjen hat.

Author : Frederick Manfred ISBN : 9789089545350 Pages : 834 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Kategory: , , .