De brimstige ingel
Klaas Rusticus
€15,00
Details
Yn dizze bondel ferhalen skriuwt Klaas Rusticus oer syn jeugd yn Snits en oer wat er meimakke hat as filmregisseur oan frjemde kimen benammen yn eardere eastbloklannen en ek op oare tochten. Rusticus skriuwt yn meast koarte oant hiel koarte sinnen – en dat sa feitlik en droech mooglik, mar tagelyk ek byldzjend en poëtysk – oer situaasjes en stimmingen dy’t út harsels de lêzers gauris frijwat fernuverje sille. Syn útgongspunt is: hoe koarter formulearre hoe makliker de lêzer ta jins wrâld trochkringe kin, al liket dy wrâld bytiden ek ryklik fantastysk. Rusticus skriuwt mei each foar it lytse, it detail en yn alles spilet mei in swak foar dat wat warleas is.
Klaas Rusticus (1942) folge yn Snits de oplieding ta ûnderwizer, mar dêrnei rjochte er him al gau op teater en film. Yn Nederlân wurke er benammen foar de NCRV en de NOS-DTP. Yn it bûtenlân foar ûnderskate omroppen yn Tsjechië, East- en West-Dútslân, Eastenryk en Switserlân.
Fryske ferfiersbedriuwen - De jierren 1920-1975
Jopie Huisman - puzzel De jas van Jelmer
Duko Bodelasse syn jonge jierren/zijn jonge jaren
Dit leeft in me - JanMurk de Vries, brieven 1950-1961
Fuort mei de brot
Pykje fjouwer
It mostersiedsje