De Brand - It libbensferhaal
Edward Jorna
€35,00
Details
It libbensferhaal fan topkeatser Johannes Brandsma.
Atletysk, flamboyant, útsprutsen, Bourgondiër, minskeminske. Mar krekt sa goed ûnwis, einzelgänger en kwetsber. Johannes Brandsma, ferneamd as De Brand, is it allegear.
‘It is net altiten leuk om Johannes Brandsma te wêzen’, seit er sels. Mar as keatser hat der noait in betterenien west. It ûnbidige oantal fan 98 punten dat er yn 1982 byinoar keatst sil nea oertroffen wurde. Trije jier letter wurdt er as earste Fries ea prof yn België. En ek dêr is hy in attraksje.
Nei de skieding fan syn frou Janny yn 2013 bedarret De Brand yn de lytse loege. Hy sjocht it libben net mear sitten. As er dan lang om let it masker sakje lit, begjint de sinne wer te skinen. Mar dan slacht it needlot ta: hy rekket slim siik. Op freed 31 maart 2023 ferstjert er, 65 jier pas.
Yn de fjirtjin moanne dêrfoar die er syn bysûndere libbensferhaal út de doeken. As neilittenskip oan de minsken dy’t er leaf hie en de sport dy’t him sa rekke.
Edward Jorna (Wytgaard, 1969) wurket sûnt 1990 yn de Fryske sportsjoernalistyk. Earder skreau er it boek Bravo Heerenveen.