Dat is moai Frysk!
Welmoed Sjoerdstra
€14,95
Details
Altyd al benijd west nei hoe’t it no krekt sit mei it Frysk? Twivelest oft eat no Frysk of Nederlânsk is, of bist benijd oft earne ek in moaier wurd foar is?
It boekje Dat is moai Frysk! lit dy sjen wat it Frysk eigen makket. Tink oan dingen dy’t oars binne as yn it Nederlânsk, flaters dy’t in soad makke wurde en fansels in hiel soad moaie, typysk Fryske wurden en siswizen. In ferdjipping foar dyn taal, gewoan omdatst it nijsgjirrich fynst of omdatst moaier Frysk leare wolst. Mei hjir en dêr in grapke, want it moat benammen aardich wêze!
Fardau de Boer: “Sa’t ek sein wurdt yn it boek, is dit in seleksje fan de Fryske taal, mar op dizze wize kinne wy Friezen al in ferdjipping en ferriking oan ús taalomjouwing en de Fryske taal jaan. Hjirmei kinne wy it taalbewustwêzen fergrutsje, wat dreech klinkt, mar sa fielt it boek beslist net, om’t it op in aardige en luchtige wize delset is. It is net allinne aardich om sels te lêzen, mar ek om kado te jaan oan dyn heit, mem, beppe, pake, omke of muoike ‘dy’t alles al hat’, om’t hja fan it Frysk nea genôch krije kinne!” Lês hjir de folsleine resinsje.
Corrie Kamminga: “Dat is moai Frysk! is in alleraardichst boekje oer, fansels, it Frysk. Oan ’e hân fan 8 tema’s wurdst meinaam yn de wrâld fan it Frysk. Sa fynst ferhaaltsjes mei útlis wêrom’t krekt dy spesifike wurden brûkt wurde, lêst blokjes mei útlis oer wurden dy’t in soad opinoar lykje of learst dat Nederlânske wurden dy’t we faak brûke dochs net Frysk binne. It wurd ‘leuk’ is bygelyks sa’n wurd. Aardich om te witten, no? Tink no net dat it boekje dy mei it opstutsen fingerke terjochte stiet te wizen, just net.” Lês hjir de folsleine resinsje.


