Kategoryen

No products in the cart.

Dak Gebint Verhaal - Dak Bynt Ferhaal

Eddy van der Noord

25,00

Details

Yn dit keunstboek portretearje keunstskilder Hendrik Elings, fotograaf Baukje Venema en skriuwer Eddy van der Noord alve Fryske stêden op in net earder fertoande wize.

Hendrik skildert de tsjerken fan boppe-ôf, wêrby’t troch it keazen perspektyf de fokus op it dak komt te lizzen. Baukje makket bysûndere tiidopnamen yn swart-wyt fan de bynten, as wiene it de bonken fan de tsjerke. Eddy beskriuwt in opfallend elemint fan of in opmerklik ferhaal oer elke tsjerke, dit yn it Frysk en it Nederlânsk.

Foar de kar fan de tsjerken wurdt gearwurking socht mei de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Yn goed oerlis wurde alve tsjerken út it rike besit fan de stichting selektearre, fariearjend yn boustyl en troch alle iuwen hinne. Uteinlik wurde tsjerken yn de folgjende plakken keazen: Sint Anne, Sint Jabik, Wetsens, Holwert, Sibrandahûs, Goaïngaryp, Ketlik, Boarnwert, Haskerdiken, Bûtenpost en Koarnjum.

Author : Eddy van der Noord ISBN : 9789491536977 New label : 1 Pages : 80 Language : Nederlands Frysk Publisher : útjouwerij Louise Format : ynbûn Translator : Marijke de Boer Illustrator : Hendrik Elings/Baukje Venema Kategory: , , , .