It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Bistespul

George Orwell

17,50

Details

Nei de dea fan Ald Majoar, de baarch dy’t harren lieder wie, nimme de bisten de macht oer op de Hearkespleats. Se dope it boerehiem om ta: It Bistespul. It eksperimint begjint! Kinne de bisten it sels roaie op de pleats? Jawis – alteast…

It duorret net lang ear’t de earste skuorkes yn de idillyske bistkommune har fertoane. Neat minskliks is de bisten frjemd. Slagje se deryn om it eksperimint slagje te litten? Of sil de skiednis himsels werhelje?

George Orwell skreau mei Bistespul (Animal Farm, 1945) in like felle as tragikomyske oanklacht tsjin totalitêre rezjyms. Dat die er yn it histoaryske each fan de stoarm: healwei de jierren fjirtich, doe’t it nasjonaalsosjalisme ôflost waard troch it stalinisme. Syn fabel hat hjoed-de-dei noch neat fan syn krêft en tapaslikheid ferlern. Like twingend as altiten bliuwt Orwells universele boadskip oerein, dat alle bisten lyk binne, mar guon geliker as oaren.

Author : George Orwell ISBN : 9789082985726 New label : 1 Pages : 96 Language : Frysk Publisher : Regaad Format : ynbûn Translator : Ammerins Moss-de Boer Illustrator : Sytse van der Zee Kategory: , , .