Kategoryen

No products in the cart.

Bisten op 'e pleats - Baby fielboekje

Dawn Sirett

7,50

Details



Fan pluzige pykjes oant wollige skiep, der is foar babys in soad te ûntdekken, fielen en learen mei dit stevige kartonboekje.

Geskikt foar de allerjongsten!

0-2 jier


Berber van der Wal-Oenema: “De yllustraasjes fan de bistjes binne stik foar stik prachtich (krekt echt) en se binne ôfbylde yn jong en âld. In kealtsje en in ko, in lamke en in skiep. Dêrby springe de primêre glimmende en glitterjende kleuren op je ôf! Wat dit boekje ekstra leuk makket, is dat by elk fan de bistjes wat te fielen is. De pykjes binne lekker sêft mei giele plúshierkes, de hûn wol graach boartsje mei in kleurde sêfte bal, en de baarch? Ja… dy stiet yn ’e blabber en dat plakt nochal. Fiel sels mar!” Lês hjir Berber har folsleine resinsje oer dit boek.

Pytrik de Groot: “Bisten op ’e pleats’ is in boek dat net te grut is en net tefolle bledsiden hat. In ideaal boek foar de jongere bern. Us famke is no in dikke 4 moanne en fynt dit boek in pracht. Dat komt troch de kontrasten, de glitter en dat it boek koart is, dat kin har spanningsbôge krekt hawwe. Ik fyn it sels noflik dat it boek gjin hurde en puntige hoeken hat, mar just sêft en rûn is.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Pytrik.

 

Author : Dawn Sirett ISBN : 9789493159563 New label : 1 Pages : 12 Language : Frysk Publisher : Afûk Translator : Gerda van der Wijk Format : kartonboek Kategory: , , , , .

Relatearre produkten

guos
Yn winkelwein
1,75
Stikelbarchje Prikkeprik
Yn winkelwein
9,95
Stip lûden op 'e pleats
Yn winkelwein
14,99
Yn winkelwein
9,95