Kategoryen

No products in the cart.

Adams apel

Jacobus Q. Smink

8,00

Details

Jacobus Quiryn Smink debutearre yn 1983 mei de bondel Apàrte fersen. Sûnt ferskynden fan him noch 7 bondels, de lêste dêrfan yn 2009 ûnder de titel Sondelfal, mei as haadtema de ferwurking fan syn oantinkens oan syn bernetiid yn Sondel yn Gaasterlân. Foar dy bondel hat Smink dit jier (2013) de Gysbert Japicx-priis takend krigen, de twajierlikse literatuerpriis fan de provinsje Fryslân. Ta gelegeheid dêrfan is Adams apel útbrocht, in bondel mei gedichten oer miskien wol it wichtichste tema fan Smink: syn leafdes, syn famkes, syn froulju en hoe’t it foar Orfeus altyd wer ôfrint:

Yn in omsjoch
Ferlear har
Se hieten allegear
Gelyk

Gun har it feest fan de ûnderwrâld
Wat ferlern giet
Yn in omsjoch
Sjoch der net nei om