Kategoryen

No products in the cart.

55 Alde Fryske tsjerken - Linodruk/Aquarel

Gerrit Terpstra

15,00

Details

It 50 – jierrich jubileum fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken yn 2020 wie foar Gerrit Terpstra oanlieding om alle tsjerken fan de stichting fêst te lizzen op lino’s. Allinnich of mei syn frou Tineke besocht er alle 55 godshuzen. Hy makke fotos, liet it gebou op him ynwurkje en gie dêrnei yn syn atelier oan de slach mei in tekening dy ‘t de basis foarmet foar in lino, in ôfbylding dy ‘t útsnien wurdt út in stik linoaleum en dêrnei mei spesjale inket ôfdrukt wurdt op akwarelpapier. Fan elke tsjerke makke Terpstra in searje fan tolve ôfdrukken, foar in part mei ferve ynkleure yn ferskillende kleuren. Yn it boek 55 Alde Fryske Tsjerken binne al dizze 55 lino’s opnommen, ynklusyf de tolve ôfdrukken. It boek begeliedt in simmereksposysje yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert, dêr ‘t de linofiken – en oar wurk fan Gerrit Terpstra – te sjen binne.

 

Author : Gerrit Terpstra New label : 1 Pages : 120 Language : Nederlands Publisher : Uitgeverij Wijdemeer Format : paperback ISBN : 9789492052988 Kategory: , , .