Fanwegen de feestdagen en drokte by de post kin it ferstjoeren fan bestellingen wat langer duorje!
Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Fryske boekewike

De Fryske Boekewike set útein mei it Frysk Boekefeest en de presintaasje fan it Kadoboek op freedtejûn 7 novimber. It Kadoboek is dêrnei de hiele Boekewike fan 8 o/m 16 novimber fergees te krijen by oankeap fan €15,- oan Fryske boeken.

Boeken fan Fryslân
De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek en docht dat troch it opsetten fan kampanjes, it organisearjen fan gearwurkingsaktiviteiten en mei projekten lykas de Fryske Boekewike, de Berneboeke-ambassadeur, de Sutelaksje en Dichter fan Fryslân. Mear ynformaasje oer Boeken fan Fryslân op boekenfanfryslan.frl.